Ekstra oefening Tiidwurden by tentamen ef b1



Yüklə 32 Kb.
tarix03.11.2018
ölçüsü32 Kb.
#77787

Ekstra oefening Tiidwurden by tentamen EF B1
1 Helpe: Ik ha him …

2 Kerve: Hy hie foar him in leafdeshertsje yn ‘e stam ...

3 Wêze: Wêr hasto hinne ...

4 Wurde: Se ................ ferline wike noch yn Ljouwert sjoen.

5 Dûnsje: Se hie mei har buorjonge …

6 Timmerje: Hy hie in kistje …

7 Timmerje: Dat is in moaie hammer dêr’tsto mei …

8 Wachtsje: As se der moarn noch net is, tink mar net dat ik dan noch

langer …

9 Keare: Se hie de tas om…

10 Bite: Se seach wat sneu doe’t se neist it stikje koeke …

11 Treffe: Har wurden ha him …

12 Ride: Hy is hielendal nei Grins ta ...

13 Wurde: Minke ... moarn tolve jier. .

14 Dûnsje: Do … dochs ek faak mei Brenda?

15 Rûgelje: Beppe is fan it dak ôf ...

16 Omdraaie: Se hie har …

17 Opbergje: Wêr hasto dyn boek …

18 Hawwe: Jantsje hat de gryp …

19 Drave: Ik ha hurd ….......................

20 Helje: Hy hat juster de krante al ...................

21 Wêze: Wêr hasto hinne ....................

22 Wurde: Do ....................... moarn al tsien jier.

23 Wurkje: Wy ....................... juster oant seis oere ta.

24 Rekkenje: Do .......................... earst som twa mar út.

25 Narje: De jonge hat it famke ......................

26 Ite: .............. do it allegear yn ien kear op?

27 Hingje: De wask ................... juster al betiid op 'e line.

28 Gean: Do ...................... moarn dochs wol nei skoalle?

29 Dwaan (notiid): De bern.......................... earst in spultsje.

30 Slaan (notiid): Dat stikje ..........................ik altyd oer.

31 Sprekke: Reitsma hat ús allegear ta ...............................

32 Rekkenje: Juf soarget der foar dat Nynke earst som 2 út ..................

33 Wêze: Wêrom ..................... de sop juster sa tin?

34 Smite: Ik .................... de tillefoan der op en kom daliks!

35 Raze: De bern ........................... juster alles by elkoar.

36 Pleagje: Ik fyn it net aardich datsto dyn suske sa ...

37 Wurde: Raar dat dy Japanske toeriste midden op 'e dei bestellen ...

38 Wêze: Dat is it plak dêr't wy altyd boarten doe't wy bern ...

39 Hawwe: Se hawwe dy by de poat ...

40 Eamelje: Dêr hat er lang oer ...

41 Eamelje: Ik fyn it ferfelend datsto dêr sa faak oer ...

42 Hoopje: Wêrom tinksto dat ik dat ... ?

43 Himmelje : Mem ………………. de keamer hjoed net mear.

44 Bite: Witte jim noch dat Abe him eartiids faak op 'e tonge ... ?

45 Drave: De bern ……………… juster allegear nei de nije skoalle.

46 Timmerje: Wêrom……………… do mei de fûsten op 'e tafel?

47 Dûnsje: Jan ………………… ferline sneon mei dat nije famke.

48 Wenje: Wa hat earst yn dat hûs ………………?

49 Wêze: Do …………….. der juster wer net!

50 Wêze: Ik ha snein nei de preek ………………

Antwurden:
1 Helpe: Ik ha him holpen.

2 Kerve: Hy hie foar him in leafdeshertsje yn ‘e stam kurven.

3 Wêze: Wêr hasto hinne west.

4 Wurde: Se waard ferline wike noch yn Ljouwert sjoen.

5 Dûnsje: Se hie mei har buorjonge dûnse.

6 Timmerje: Hy hie in kistje timmere.

7 Timmerje: Dat is in moaie hammer dêr’tsto mei timmerest.

8 Wachtsje: As se der moarn noch net is, tink mar net dat ik dan noch

langer wachtsje.

9 Keare: Se hie de tas om keard.

10 Bite: Se seach wat sneu doe’t se neist it stikje koeke biet.

11 Treffe: Har wurden ha him troffen.

12 Ride: Hy is hielendal nei Grins ta riden.

13 Wurde: Minke wurdt moarn tolve jier. .

14 Dûnsje: Do dûnsest dochs ek faak mei Brenda?

15 Rûgelje: Beppe is fan it dak ôf rûgele.

16 Omdraaie: Se hie har omdraaid.

17 Opbergje: Wêr hasto dyn boek opburgen.

18 Hawwe: Jantsje hat de gryp hân.

19 Drave: Ik ha hurd draafd.

20 Helje: Hy hat juster de krante al helle.

21 Wêze: Wêr hasto hinne west.

22 Wurde: Do wurdst moarn al tsien jier.

23 Wurkje: Wy wurken juster oant seis oere ta.

24 Rekkenje: Do rekkenest earst som twa mar út.

25 Narje: De jonge hat it famke narre.

26 Ite: Ytst do it allegear yn ien kear op?

27 Hingje: De wask hong juster al betiid op 'e line.

28 Gean: Do giest moarn dochs wol nei skoalle?

29 Dwaan (notiid): De bern dogge earst in spultsje.

30 Slaan (notiid): Dat stikje slaan/slach ik altyd oer.

31 Sprekke: Reitsma hat ús allegear ta sprutsen.

32 Rekkenje: Juf soarget der foar dat Nynke earst som 2 út rekkenet.

33 Wêze: Wêrom wie de sop juster sa tin?

34 Smite: Ik smyt de tillefoan der op en kom daliks!

35 Raze: De bern raasden juster alles by elkoar.

36 Pleagje: Ik fyn it net aardich datsto dyn suske sa pleagest.

37 Wurde: Raar dat dy Japanske toeriste midden op 'e dei bestellen waard.

38 Wêze: Dat is it plak dêr't wy altyd boarten doe't wy bern wiene(n).

39 Hawwe: Se hawwe dy by de poat hân.

40 Eamelje: Dêr hat er lang oer eamele.

41 Eamelje: Ik fyn it ferfelend datsto dêr sa faak oer eamelest.

42 Hoopje: Wêrom tinksto dat ik dat hoopje?

43 Himmelje : Mem himmelet de keamer hjoed net mear.

44 Bite: Witte jim noch dat Abe him eartiids faak op 'e tonge biet?

45 Drave: De bern draafden juster allegear nei de nije skoalle.

46 Timmerje: Wêrom timmerest do mei de fûsten op 'e tafel?

47 Dûnsje: Jan dûnse ferline sneon mei dat nije famke.

48 Wenje: Wa hat earst yn dat hûs wenne?

49 Wêze: Do wiest der juster wer net!



50 Wêze: Ik ha snein nei de preek west.
Yüklə 32 Kb.

Dostları ilə paylaş:




Verilənlər bazası müəlliflik hüququ ilə müdafiə olunur ©www.genderi.org 2024
rəhbərliyinə müraciət

    Ana səhifə